Harkemase Boys wint

04 apr 2009 - 16:47

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat nei twa kear ferlies de tried wer oppakt. Yn Swolle waard mei 1-0 wûn fan Be Quick '28. De oerwinning kaam muoisum tot stân. De Harekiten krigen wol kânsen, mar de bal woe der net yn.

Yn de twadde helte makke Martijn Barto út in frije traap de winnende goal. Alwin Kooistra waard yn de twadde helte mei twa giele kaarten fan it fjild stjoerd. De twadde kaart wie lullich, omdat er in frije traap neffens de skiedsrjochter te gau naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)