Mishanneling op It Hearrenfean

04 apr 2009 - 14:12

In 22-jierrige man út Sonnegea is yn de nacht fan freed op sneon mishannele op de Vleesmarkt op It Hearrenfean. Yn in saak oan de Vleesmarkt wie spul ûntstien tusken in ploechje jonges.

Doe't se bûten stiene, waard de man út Sonnegea mei in foarwerp op de holle slein. Hy is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De dieders binne net mear achterhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)