Drugsdealer oanholden
De plysje hat tongersdeitemiddei in 19-jierrige ynwenner fan Bûtenpost oanhâlden. De plysje tinkt dat hy ien fan de haaddealers is yn in drugssaak yn Noardeast-Fryslân.
Yn it hús fan de Bûtenposter fûn de plysje in partij harddrugs, dy't nei alle gedachten bedoeld wie foar de hannel.