Auto en rydbewiis kwyt

04 apr 2009 - 13:33

In Ljouwerter (34) hat freedtejûn syn rydbewiis ynleverje moatten nei't er pakt wie op de A31 by Dronryp dêr't er 181 ried. In pear oeren letter waard er wer oanholden, no ried er 176.

No krige de man in bon foar it riden sûnder rydbewiis. In blaastest wiisde ek noch út dat de man tefolle dronken hie, dus dat levere him nochris in bekeuring op. Op it buro die bliken dat de sjauffeur noch 14 dagen finzenisstraf iepenstean hie. De auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)