Beurs 'Vrouw' yn WTC Expo

04 apr 2009 - 13:00

Yn it WTC Expo yn Ljouwert wurdt dit wykein foar de twadde kear de beurs 'Vrouw' organiseare. De beurs gie sneon fan start. Froulju kinne der fan alles te witten komme oer sûnens, bern, moade en ynterieur.

Ek kinne se in kursus útprobearje. Neist traditionele blomskik- en pottebakkursussen is der foar de wat aventoerlike froulju ek wat betocht. Dy kinne yn in peal klimme foar in pealdûnskursus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)