Herre Zonderland tefreden

Herre Zonderland (foto: Martin de Jong)
Turner Herre Zonderland sjocht tefreden werom it yndividueel Europeesk kampioenskip mearkamp yn Milaan. De 25-jierrige Feanster en meiwurker fan de plysje Fryslân skoarde in totaal fan 81.225 punten.
Troch dit resultaat einige Herre op in 27e plak. Krekt net genôch foar in plakje yn de finale. Dochs wie er hiel tefreden. It wie syn bêste prestaasje ea op in Europeesk kampioenskip mearkamp.