J. Posthumus leukste learaar

Jelte Posthumus is ek sjonger
Jelte Posthumus is troch Radio 538 útroppen ta de leukste learaar fan Nederlân. Posthumus is skiednislearaar oan skoallemienskip Liudger yn Drachten. Hy hat de priis benammen krigen foar syn wize fan omgean mei de learlingen en hoe't er lesjout.
Syn optreden by de besite fan Radio 538 oan de skoallen hat dêr ek wol by holpen. De skoalle wie ek yn de race foar de priis fan leukste skoalle fan Nederlân, mar waard yn de finale ferslein troch in skoalle út Zutphen.