Gjin bonus by Friesland Bank

04 apr 2009 - 12:04

De topminsken en managers fan de Friesland Bank krije oer 2008 gjin bonus. De bank hat gjin winst makke en dus is der kollektyf ôfpraat ôf te sjen fan in ekstra útkearing. Dat seit de nije topman fan de bank Robbert Klaasman. Hy is de opfolger fan Willem Cramer dy't heal maart opstapte as foarsitter fan de Ried fan Bestjoer.

Klaasman wol dat de bank selsstannich bliuwt en fierder útwreidet. Sa moat der in nije festiging iepene wurde yn Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)