Sinnepanielen binne 'hot'

Sinnepanielen binne hiel populêr
Der is in soad animo yn Fryslân foar sinnepanielen. Dat komt omdat it Ryk en de Provinsje Fryslân de oankeap subsidiearje. De aksje set moandei útein. It probleem is lykwols dat der mar 90 miljoen euro yn de pot sit. Dat is goed foar ûngefear 6000 oanfragen.
De ferwachting is dat it jild moandei al op is. Freedtejûn koenen de minsken har opjaan by advysburo HR Wooncomfort fan De Jouwer. Dy soarget der foar dat alle Fryske oanfragen moandei om acht oere moarns yn Den Haach binne.