Frysk súkses konkoers Tolbert

03 apr 2009 - 18:58

Op de earste dei fan it konkoers hippyk yn Tolbert hawwe trije Fryske kombinaasjes goed presteard.

De earste wedstryd oer in klassyk parkoers waard wûn troch ruter Adriaan van der Veer fan De Tike mei syn hynder Varina. Trienke Alma fan De Westereen wûn de twadde wedstryd klassyk springen. Yn de lêste saneamde Z-rubryk waard Hester Klompmaker fan Bûtenpost earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)