Collen op staazje yn Skotlân

© Omrop Fryslân
Cambuur spiler Pieter Collen giet takom wike op staazje by de Skotse klup Aberdeen. De 28-jierrige ferdigener wol sjen oft it him yn Skotlân wat taliket en oft hy dêr in kontrakt fertsjinje kin.
Collen kaam begjin dit jier op amateurbasis oer nei Cambuur. Oant no ta kaam hy fiif kear yn aksje foar de Ljouwerters mar in fêste basisspiler is hy net. Earder spile hy û.o. foar Feyenoord, NAC en NEC.