Freedsmerk op 'e Nijstêd

It is foar alle partijen wennen: freedsmerk op 'e Nijstêd
In soad gefoeter freedtemoarn op de Ljouwerter freedsmerk. Gjin goed plak, problemen mei de befoarrieding en ûndúdlikheid oer wat wêr stean mei. It is allegearre even wenne op de nije lokaasje op en om de Nijstêd.
De kommende trije jier is de freedsmerk dêr, omdat der op it Saailân boud wurde sil. De winkellju fan 'e Nijstêd besochten earder dizze wike noch om de merk mei in koart pleit op te kearen. De rjochter docht nije wike útspraak yn dizze saak.