Wurk Cartesius wurdt dreger

It Cartesius Instituut yn Ljouwert moat der hurd oan lûke om projekten fan 'e grûn te krijen. Troch de resesje krijt it ûndersyksynstitút minder jild fan bedriuwen om de projekten út te fieren. It Cartesius Instituut ûntwikkelet nije techniken op it mêd fan duorsume enerzjy en helpt bedriuwen om dy techniken op de merk te bringen.
It ynstitút wol graach projekten yn it bûtenlân útfiere, mar troch de krisis slagget dat noch net goed.