5 miljoen foar Venekotengebiet

© Omrop Fryslân
It Ryk lûkt fiif miljoen euro út foar de werstrukturearring fan it âlde yndustryterrein Venekoten yn Easterwâlde. Doel is om op it terrein wenningen, winkels en sportfoarsjennings te realisearjen. It projekt yn Easterwâlde stiet op in list fan fjirtjin projekten dêr't it kabinet jild oan jout om de krisis te bestriden.
Ek de provinsje en de gemeente Eaststellingwerf finansiere in part fan it projekt.