Mar ien tip yn saak-Werkman

03 apr 2009 - 13:47

Der is by de plysje mar ien tip binnenkommen nei oanlieding fan it tv-programma Het Zesde Zintuig fan RTL. Yn it programma sprekke paragnosten har gedachten út oer ûnoploste moardsaken. Tongersdei gie it oer de moard op kroechbaas Fokko_Werkman.

De tip dy´t tongersdei binnenkaam, is nei alle gedachten net in tip dy´t in oplossing tichterby bringt. Dat seit parse-offisier Henk_Mous fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert. Hy hat no gjin fertochten op it each.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)