Jonge fotografe brekt troch

03 apr 2009 - 12:49

Miljoenen minsken hawwe har portret sjoen of yn hannen hân. In foto fan de jonge fotografe Mirjam van der Meer (21) fan Aldeboarn stiet op de cover fan it boek 'De eenzaamheid van de priemgetallen', fan de Italiaanske skriuwer Paolo Giordano.

It boek is in bestseller en stiet yn de boeke-top-tsien. It baltsje is oan it rôljen gien doe't Mirjam in foto fan harsels op har fotoblog op flickr.com sette. It súkses hat Van der Meer mear opdrachten oplevere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)