Soad huzen boud yn 2008

03 apr 2009 - 12:02

De kredytkrisis hat ferline jier gjin gefolgen hân foar de bou fan nijbouwenten yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Der binne yn 2008 hast 2900 nije huzen boud, de grutste groei fan de lêste 10 jier.

De ferwachting is dat der de kommende jierren minder nije huzen by komme, want de bousektor hat no wol te lijen fan de krisis. Hast in tredde part fan de nijbouwenten is ferline jier boud troch de wenningbou-korporaasjes en ek gemeenten wiene ambisjeus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)