Koning begjint eigen partij

© Omrop Fryslân
Der is in nije politike partij yn Weststellingwerf: lijst-Koning. Dat is de partij fan riedslid Theo Koning, dy't út de fraksje fan Weststellingwerfs Belang stapt. Hy stiet net mear achter dy partij en begjint no syn eigen partij.
Koning siet 19 jier yn de gemeenteried foar Weststellingwerfs Belang. Dêrfan wie er njoggen jier fraksjefoarsitter. Koning komt foar de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier mei in kiezerslist.