Ynbraak Toppenhuzen oplost

© Omrop Fryslân
De plysje hat in Amsterdammer (34) oanhâlden, dy't fertocht wurdt fan fyftjin ynbraken yn skoallen. Dêrby waarden bankpassen, laptops en jild stellen. It giet om skoallen yn Fryslân, mar ek yn oare provinsjes.
De plysje liet yn jannewaris op televyzje bylden sjen fan in ynslûping yn Toppenhuzen. Tsjûgen namen kontakt op mei de plysje, sy hiene de fertochte herkend. Hy is yntusken foar de rjochter-kommissaris laat.