Brantsje timmerfabryk Dokkum

03 apr 2009 - 10:18

Der hat freedtemoarn in lyts brantsje west by it timmerfabryk fan Dijkstra/Draaisma yn Dokkum. In meiwurker fan it fabryk hat dat ûntdútsen. Doe't hy op it wurk oankaam seach hy reek yn it fabryk. De brânwacht is warskôge en dy hat wat smeulderij ûntdútsen yn in kontener.

Hoe't dat koe wurdt op dit stuit ûndersocht. De brân hat gjin fierdere gefolgen foar it bedriuw, omdat it yn sa'n betiid stadium ûntdutsen is. De reekmelder wie noch net iens ôfgien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)