Dealers oanhâlden yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat by in ûndersyk nei drugshannel yn Drachten sân minsken oanhâlden. Dy hannel fûn plak fanút in hûs oan it Schuttersveld yn Drachten. De bewenner (59) is ien fan 'e arrestanten. De oaren binne 18 oant 24 jier âld en komme út Drachten, Ljouwert en Surhústerfean. De plysje kaam yn aksje nei oanlieding fan klachten oer drugsgebrûk. In tal fertochten wie yn it besit fan drugs.
Yn it hûs oan it Schuttersveld fûn de plysje weed, hasj, ghb en speed.