Nei bûtenlân troch krisis

02 apr 2009 - 23:08

De ekonomyske krisis soarget derfoar dat ûndernimmers yn Noard-Nederlân hieltiid faker op syk gean nei bûtenlânske merken. Dat seit de Keamer fan Keaphannel. Tongersdei waard foar de fiifde kear de ynternasjonale hannelsdei hâlden en dêr kamen noch nea safolle minsken op ôf.

Mear as 300 ûndernimmers út Fryslân, Grinslân en Drinte lieten harren byprate oer de kânsen yn it bûtenlân. Dat is goed 50 persint mear as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)