Winkelbelied Snits wer besjen

02 apr 2009 - 23:03

B.en W. fan Snits moatte op ´e nij gear oer de detailhannelfyzje. Dêryn wurdt regele wêr´t winkels komme meie en wêr net. Sawol de winkellju as de riedsleden binne benaud dat it foarstelde belied leechrin fan de Snitser binnenstêd ta gefolch ha sil.

Op dit stuit steane al 20 winkels yn Snits leech. Benammen de mooglikheden foar meubelwinkels en de gruttere winkels oan de râne fan de binnenstêd sille opnij trochnommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)