Ewald net nei turnfinale

02 apr 2009 - 20:27

Foar turnster Marrit Ewald fan Ljouwert sit it Europeesk Kampioenskip turnjen derop. Se slagge der tongersdei krekt net yn om har foar de finales te pleatsen. Ewald waard op de mearkamp úteinlik 27ste. Twa oare Nederlânske turnsters, Wyomi Masela en Mayra Kroonen dogge sneon wol mei oan de finale. Masela waard achtste en Kroonen 25ste.

Epke en Herre Zonderland komme freed yn aksje op de EK yn Itaalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)