Heger berop sjitterij Ljouwert

It Hôf yn Ljouwert
Foar it Gerjochtshôf yn Ljouwert is moandei it heger berop tsjin twa Antillianen dy't feroardield binne foar in sjitpartij op it Ljouwerter Vrijheidsplein. Dat wie yn maaie 2007. De twa skeaten op ljochtskyndei opelkoar, omdat se spul meielkoar hiene. Se waarden feroardield ta tolve en njoggen jier sel. Se binne dêr sels tsjin yn berop gien.
De sjitpartij soarge doedestiids foar in soad opskuor. In frou yn in auto waard op in hier nei rekke.