Noch striid om grêf Sint Nyk

It grêf fan Egbert Douwe de Jong, bekend as grutte man fan kofjekonsern Douwe Egberts, soarget noch altyd foar in soad reboelje yn Sint Nyk. Pastoar Henk Nota wol it grêf ferpleatse foar in nij paad oer it tsjerkhôf.
It grutste part fan de famylje De Jong hat tastimming jûn. Allinne soan Egbert Douwe makket beswier. Hy spande al ferskate rjochtsaken oan en pleatste woansdei in advertinsje yn de Jouster krante om syn kant fan it ferhaal te dwaan.