Brân op pleats Aldegea (W)

02 apr 2009 - 14:54

By in brân op in pleats yn Aldegea (Wymbrits) is tongersdei ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer hat brânwûnen en lêst mei it sykheljen en is nei it sikehûs brocht.

De brân bruts om twa oere middeis út yn in lossteande skuorre. Dêr stie ek fee dat troch de brânwacht derút helle is. It is op dit stuit noch net dúdlik as ek fee omkommen is troch de brân. It fjoer is yntusken ûnder kontrôle. De korpsen fan Drylts en Heech binne noch oan it neiblussen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)