Besikerssintrum It Wiid iepene

02 apr 2009 - 14:41

Yn Earnewâld is tongersdei it nije besikerssintrum fan Nasjonaal park de Alde Feanen iepene. Yn it gebou sitte ek it Frysk Lânboumuseum en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

It nije multyfunksoneel sintrum leit midden yn nasjonaal park de Alde Feanen dêr't it Fryske Gea behearder fan is. Doel is om besikers fan it park te ynformearjen oer lânbou en natuer. It hat jierrenlang duorre om de natuerorganisaasjes ûnder te bringen yn ien gebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)