Gjin problemen foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur trainer Stanley Menzo hat foar de útwedstriid tsjin FC Den Bosch de beskikking oer in hast folsleine seleksje. Allinnich de langer blessearden Marc Mboua en Randy Rustenberg kinne noch net spylje.
Ruud ter Heide en Koen Brack meie wol meidwaan. De reade kaart dy't beide spilers ferline wike freed yn de wedstriid tsjin Excelsior krigen, binne troch de KNVB seponeard.