Striid om Hoarekabokaal

02 apr 2009 - 12:05

In hûndert MBO Hoareka-studinten stride tongersdei op it Friesland College yn Ljouwert om de 'Horecabokaal'. Yn alve ferskillende kategoryen kinne jonges en famkes prizen winne mei harren itensiederskeunst, fan biertaapjen oant it meitsjen fan in 6-gongemenu.

Earder waard de wedstriid allinnich foar Fryske studinten organisearre. Dit jier dogge der foar it earst jonges en famkes út hiel Noard-Nederlân mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)