Fertochte fan heling frij

© Omrop Fryslân
De 49-jierrige man út Easterwâlde dy't fertocht wurdt fan heling fan guod fan de fermoarde Joanne Noordink út it Gelderse Aalten, is frijlitten. De man bliuwt wol fertochte. Hy soe guod fan de frou yn 'e hûs hân hawwe.
It lichem fan de 27-jierrige Noordink waard ferline wike woansdei fûn by in hûs yn Aalten. De bewenner fan dat hûs wurdt fertocht fan moard of deaslach op Noordink. De frou waard sûnt 11 desimber fermist.