28 bonnen by ferkearskontrôle

02 apr 2009 - 09:56
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei by in ferkearskontrôle op de Alde Feanskieding op It Hearrenfean 28 prosessen-ferbaal útskreaun.

De bekeuringen waarden ûnder oare jûn foar it net dragen fan de autorym, it fêsthâlden fan in mobile telefoan ûnder it riden, it net dragen fan in helm en glêde bannen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)