Frysk garânsjeplan huzeferkeap

01 apr 2009 - 23:00
Foto: Omrop Fryslân

Fryske boubedriuwen komme mei in eigen garânsjeplan foar de hûsferkeap. Lanlik wurdt der oan in hiel grut plan wurke om huzekeapers te garandearjen dat harren besteande wente foar in ridlike priis ferkocht wurdt. Sa doare minsken earder in nij hûs te keapjen.

Yn Fryslân bestiet dit al. Boubedriuw Cornel docht dit al in heal jier mei in kollega út Aldeholtpea en in makelder. Der hat him de ôfrûne dagen al wer in keaper melden dy't der mooglik gebrûk fan meitsje wol.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)