Jeugd en gezin Burgum iepen

01 apr 2009 - 16:11

Yn Burgum is woansdei it Centrum voor Jeugd en Gezin iepene. Eltse gemeente krijt sa'n sintrum; it is in idee fan minister Rouvoet. It giet hjir om in gearwurkingsferbân fan organisaasjes dy't harren dwaande hâlde mei de sûnens en it grutbringen fan bern.

Dy soarchferlieners witte aanst folle better faninoar wêr't se mei dwaande binne troch ien loket; yn it loket sit in koördinator fan 'e gemeente Tytsjerksteradiel. It sintrum krige woansdei in boerd mei it nije logo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)