'Dyk Skraard net feiliger'

01 apr 2009 - 15:21

De Oosterlaan tusken Skettens en Skraard sil foarearst net ferkearsfeiliger makke wurde. Dat sei boargemaster Piersma woansdei tsjin in groep bern en âlders út Skraard dy't in petysje oanbeane foar in feiliger dyk. De twa kilometer lange dyk is smel en der sitte gatten yn de bermen.

Skoalbern kleie dat se faak útwike moatte foar swier lânbouferkear. Doel fan 'e aksje wie om op koarte termyn de ferkearssitewaasje te ferbetterjen, mar dat wurdt him dus net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)