Oplichter Drachten bliuwt fêst

© Omrop Fryslân
De Drachtster (49) dy't fertocht wurdt fan oplichting, bliuwt noch 60 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdeitemiddei besletten.
De Drachtster wurdt der fan fertocht dat hy acht minsken út it hiele lân foar mei-inoar 700.000 euro beneidiele hat. De minsken hiene it jild by him yn behear jûn. Hy dûkte in skoft ûnder yn Tailân, mar joech himsels heal febrewaris oan by de plysje.