'Skoalunifoarm' yn Ljouwert

De unifoarmplicht wurdt wer ynfierd op basisskoallen. Woansdei wie in testdei om te sjen oft alle learlingen wol yn it ferplichte wite shirt mei blauwe broek op skoalle kamen. Op basisskoalle De Sprong yn Ljouwert holden de measte bern harren netsjes oan it skoalunifoarm.
Op basisskoalle de Opdracht yn Oerterp waard alle learlingen frege in stoel mei te nimmen. De skoalle is oan it ferbouwen en se sykje eins noch in goede stoel dy't se brûke kinne.