Boadskippepakket op 1 april

01 apr 2009 - 14:20

Der binne woansdei in soad slagge en minder slagge ien aprilgrappen úthelle. Op De Gordyk waarden minsken beleanne as se yn de grap fan in tal supermerken trapen. Der wie opskuor yn it doarp oer de oankundiging dat der in fyfde supermerk komme soe.

De Frânske keten Leclerc soe delstrike yn it doarp. Woansdei koene minsken yn de kunde komme mei Leclerc. De earste 500 minsken soene dan in boadskippepakket krije, in 1 april grap fan de kommersjele klub.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)