Gjin nije boarrings Vermilion

Bedriuw Vermilion út Harns docht dit jier gjin proefboarrings mear yn Fryslân. Vermilion sjocht dêr fanôf omdat it troch de lege oalje- en gaspriis folle minder jild hat om te ynvestearjen. Vermilion wie fan doel om op fjouwer plakken proefboarrings te hâlden: by Waaksens, Nijehoarne, Finkegea en De Hoeve.
Ek woe it bedriuw in ekstra winput slaan by Drachten. De tariedings foar it wurk gean wol troch. Vermilion wol de boarrings no takom jier útfiere.