Plan foar enerzjy-sparfûns

© Omrop Fryslân
De trije noardlike provinsjes moatte gau nei de boufak mei in fûns komme om partikuliere wenningbesitters te stimulearjen harren wenten folle enerzjysuniger te meitsjen. Yn dat fûns soe 35 oant 50 miljoen stoart wurde moatte, fynt Bouwend Noord, de organisaasje fan bou-ûndernimmers.
De provinsjes ha earder ôfpraat 100.000 wenten oanpakke te wollen yn seis jier tiid, mar neffens de Keamer fan Keaphannel duorret it te lang foardat it projekt fan 'e grûn komt.