Seehûnen telle út de loft wei

De provinsje Fryslân moat opnij besjen oft de seehûnekresj fan Lenie 't Hart mei in fleantúch seehûnen telle mei op it Waad. Dat hat de Raad van State woansdei útsprutsen. Lenie 't Hart hie beswier makke tsjin de wegering fan de provinsje om de telling ta te stean.
Neffens de provinsje soe de telling net nedich wêze omdat in ynstitút op Teksel ek al telt hoefolle seehûnen der binne. Neffens de Raad van State is dat net genôch reden om it fersyk fan Lenie 't Hart ôf te wizen.