Mei 120 km de oere lâns Heech

© Omrop Fryslân
De plysje hat op fiif plakken yn Opsterlân en Wymbritseradiel auto's op snelheid kontrolearre, omdat omwenners klachten hiene oer hurdriders.
Mei-inoar waarden hast 2700 auto's kontrolearre. Likernôch tsien prosint ried te hurd. De grutste oertreder ried oer de Ald Skatting by Heech. Hy mocht 80 kilometer yn de oere, mar ried 120. Op de Gordyksterwei yn Beetstersweach rieden 67 auto's te hurd. De fluchste ried hjir 119 km de oere yn plak fan de tastiene 80 km.