Wer kontrôles op lânbouferkear

De plysje fiert wer kampanje foar feiliger lânbouferkear en sil ek kontrolearje
De plysje hâldt it kommende heal jier wer tafersjoch op it lânbouferkear yn de provinsje. Ut kontrôles fan ferline jier die bliken dat 70% fan 'e lânboufoertugen net foldie oan de easken. Faak is soks ek de oarsaak fan in ûngelok mei lânboureau.
De plysje hopet dat mei de kontrôles it tal ûngelokken ôfnimme sil. Saken dy't faak mis binne oan trekkers en oar lânbouark binne minne ferljochting, stikkene spegels en te folle lading.