Plysje hâldt wer dealer oan

01 apr 2009 - 09:41

De plysje hat yn it ûndersyk nei drugshannel yn en by Kollumersweach wer in fertochte oanhâlden. Moandei waard in Noardburgumer (43) oppakt op fertinking fan hannel yn harddrugs.

De man soe drugs ferkocht hawwe oan ien fan de dealers fan Kollumersweach. De plysje fûn nei alle gedachten speed yn auto en wenhûs fan de man. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten yn ôfwachting fan fierder ûndersyk. Mear oanhâldings yn dizze saak wurde net útsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)