Fergees parkeare te djoer

01 apr 2009 - 00:16

It parkearen yn it sintrum fan Ljouwert sil moarns foar tolve oere net goedkeaper of sels fergees wurde. Dat hat it kolleezje fan B&W nei ûndersyk besletten. It docht bliken dat sa´n maatregel de gemeente wol 500.000 euro kostje sil.

De ried hie it kolleezje om ferleging fan de parkearkosten frege. Dat soe winkeljend publyk nei it sintrum lokke kinne, nettsjinsteande grutte bouprojekten yn de stêd. Mar wethâlder Gerrit_Krol fynt it te djoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)