Fryske Golden Tulips sûn

31 mrt 2009 - 18:26

De finansjele problemen by de hotelketen Golden_Tulip bringe de Fryske festigingen net yn swierrichheden. Tiisdei frege de keten útstel fan betelling oan. Golden_Tulip hat seis hotels yn Fryslân, mar dat binne allegear selsstannige ûndernimmingen.

De bekendste Golden_Tulip festiging is Hotel Tjaarda yn Oranjewâld. Ek it nagelnije hotel by it WTC Expo yn Ljouwert heart ta de keten. De oaren steane op de eilannen en yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)