Fryske boufakker ferûngelokke

31 mrt 2009 - 17:10

Op in bouplak yn Grins is tiisdeitemiddei in Fryske boufakker fan 48 jier ferûngelokke. De man is fan in steger fallen en mear as trettjin meter nei ûnderen fallen. It slachtoffer komt út Jistrum. Mooglik is de man troch in romte tusken de stegerplanken fallen.

De plysje en de arbeidsynspeksje stelle in ûndersyk yn. It ûngelok barde op de Verlengde_Lodewijkstraat oan de eastkant fan de stêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)