Fertochten juweliersrôf oppakt

31 mrt 2009 - 14:20

Yn it Súd-Hollânske Strijen is tiisdei de lêste fertochte oanholden yn de saak fan ûnder oare de oerfallen op juwelierssaak De Gouden Engel op de Nijstêd yn Ljouwert.

Njoggen fertochten yn de leeftyd fan 15 oant 22 jier sitte no fêst. Dêrfan komme seis út Rotterdam, ien út Strijen, ien út Ljouwert en ien fertochte hat gjin fêst wenplak. Se meitsje diel út fan in binde, dy't ek ferantwurdlik is foar de oerfallen op de juwelier yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)