Brân op Gordykster skoalle

31 mrt 2009 - 13:09

Tiisdeitemoarn hat der koarte tiid brân west op de Boargemaster Harmsmaskoalle op 'e Gordyk. De nijbou fan de ûnderwiisynstelling rekke yn 'e brân doe't oan de dakbedekking wurke waard. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Neffens in wurdfierder fan de Boargemaster Harmsmaskoalle hoegden der gjin learlingen evakuearre te wurden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)