Friezen fiele har feiliger

© Omrop Fryslân
Friezen fiele har yn trochsneed feiliger as ynwenners fan oare regio's yn Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Fan alle Friezen fielt 22 prosint him wolris ûnfeilich yn de eigen buert. It lanlik gemiddelde leit 5 prosint heger.
De kâns dat ien yn Fryslân slachtoffer wurdt fan kriminaliteit is ek in stik lytser as yn oare regio's. Friezen komme dêrneist minder faak yn kontakt mei de plysje mar binne oer it kontakt wol tefredener as oare Nederlanners.